Nieuws

Idske pakt tweede prijs in Winsum

It partoer fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra hat sneintemiddei de frije formaasje keatspartij yn Winsum wûn. Yn de finale wûn it trio mei 5-1 en 6-2 fan Hilda Tjepkema, Judy Bergsma en Idske Zijlstra.

Tred waarden Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema. Dit partoer ferlear de heale finale fan Joostema-en-dy nei in spannende partij mei 5-5 en 6-2 doe't de winneressen fan dizze dei suksesfol in keats foarby sloegen.

Bron www.omropfryslan.nl

terug naar het nieuws overzicht